Ask the Crowd helpt skoallen en ferienigingen dy jild nedich hawwe roar de realisaasje fan in spesifyk projekt. Fan Sportdei tot in feestjûn, fan Skoalreiske tot boartersplein!

Mei in kampagne op Ask the Crowd fertsjinnet in skoalle of ferieniging jild foar hun projekt troch ferkeap fan in moai oanbod oan praktyske produkten.

De dielnimmende skoalle of ferieniging fertsjinnet jild by eltse ferkeap dy troch in learling of lid oan hun famylje, freonen en oare kunde dien wurd. En dejinge dy mei in oankeap in projekt stypet kriget in kwaliteitsprodukt mei koarting.

Ask the Crowd bied sa foardiel foar elsenien! Dat makket Ask the Crowd unyk.

Sikesto foar in Projekt van dyn skoalle of ferieniging nei jild om jim dream te realisearjen? Pleats dan dyn prokekt op Ask te Crowd. It is altyd fergees, dus wêrom soesto it net dwaan?

Wolsto mear ynformaasje? Folje dan it kontaktformulier yn en wy nimme op wurkdagen binnen 24 oeren kontakt mei dy op. Wolsto direkt dyn projekt pleatse? Folje dan it pleatsingsformulier yn en wy sette alles fuort en daliks yn gang.

  • Foar projekten fan € 100,- ôf

  • Frijbliuwende foarbesprek van dyn projekt

  • It fergees opmeitsjen fan dyn persoanlike presintaasje pagina

  • It fergees opsetten fan de kommunikaasje oer it projekt

  • Persoanlike begelieding by de útfiering fan dyn kampagne

Ask the Crowd is in aktief Crowdfundingsplatform foar foarferkeap. Aktief yn de sin fan persoanlik belutsen yn opset, begelieding en útfiering fan kampagnes foar dyjingen dy in projekt pleatse en yn it ûnderhâlden fan kontakt mei har efterban.

Wy helpe skoallen en ferienigingen by it presinteare fan har projekt, kommunisearje  fan har kampagne en realisearje fan har doel.
Under it motto: Tegearre Wurkje Oan Dyn Dream!

Ask the Crowd ûnderskied him troch persoanlike belutsenens by en oandacht foar de projekten op it platform.
Wy stribje nei optimale sichtberens fan de projekten en in op syn heechst resultaat fan de kampagnes foar de projektpleatsers. Dêr stean wy Foar!